Wetter sakke, diken noch swak

06 jan 2012 - 14:30

It wetterpeil op de kritike plakken by Grou is 3 sintimeter sakke. Dat is by it eilân De Burd en by it fakânsjepark Yn de Lijte. Dochs bliuwt de tastân soarchlik, omdat de diken fol sitte mei wetter en maklik brekke kinne. Dat seit Wetterskip Fryslân.

Op dit stuit stiet it peil yn de hiele provinsje noch 20 sintimeter heger as normaal. It wetterskip is freedtemiddei ek noch drok dwaande mei ynspeksjes fan de binnendiken. Oan de ein fan de middei wurdt in oersjoch ferwachte fan de tastân fan de diken. Snein kin der pas wer wetter fuortpompt wurde op de Waadsee en de Lauwersmar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)