Lanlike help by dyksynspeksje

Wetterskip Fryslân krijt by it kontrolearjen fan diken en kaden help fan kollega's út de rest fan it lân. In tweintichtal ynspekteurs fan it Hoogheemraadschap Hollands Noorderkwartier en Waterschap Zuiderzeeland helpe op 't heden de Fryske kollega's.
Fanwege de hege wetterstannen wurde alle diken en kaden yn Fryslân geregeld besjoen op swakke plakken. As it nedich is wurde maatregels troffen om de dyk of kade sterker te meitsjen.