Biskop Eijk wurdt kardinaal

06 jan 2012 - 13:59
  • Biskop Eijk

Ald-biskop Wim Eijk fan it bisdom Ljouwert/Grins is troch Paus Benedictus beneamd ta kardinaal. Dat betsjut dat er by de folgjende pausferkiezing stimme mei oer de beneaming fan in nije paus. Formeel soe er sels kandidaat wêze kinne.

Eijk wie biskop yn it noardlike bisdom Ljouwert/Grins fan 1999 oant 2007. Op 't stuit is er aartsbiskop fan Utrecht en dêrmei de heechste katolike geastlike fan Nederlân.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)