Manlju sjitpartij oanhâlden

03 jun 2013 - 11:18

De plysje hat fjouwer manlju oanhâlden foar de sjitpartij snein yn Ljouwert. It giet om twa mannen fan 23 en 25 jier út Ljouwert, in 28-jierrige man út Aldeboarn en in 24-jierrige man út Den Haach. De mannen sitte fêst foar poging ta deaslach. By de sjitpartij is ien fan de fertochten út Ljouwert ferwûne rekke. Hy sit yntusken, lykas de oaren, fêst foar ferhoar.

De mannen sieten yn twa auto's. De plysje ûndersiket oft der út beide auto's sketten is of út ien auto. Ek is de tadracht noch net dúdlik.

Bern wiene tsjûge fan de sjitterij yn de wenwyk Achter de Hoven yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)