Doktersguod út auto stellen

03 jun 2013 - 10:45

Op De Westereen is sneintenacht ynbrutsen yn in auto fan in 39-jierrige dokter. Dêrby is in tas mei medysk guod stellen. Ek jild en it rydbewiis fan de dokter is meinaam.

De auto stie parkearre op de Gentiaan. De dokter krige de ynbraak yn de gaten doe't se fuort soe nei in pasjint. De frou hat oanjefte dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)