Harnzers foar de rjochter

03 jun 2013 - 10:11

Foar de rjochtbank yn Ljouwert steane moandei twa Harnzers terjochte op fertinking fan in grut tal ynbraken yn Harns en Frjentsjer.

De manlju fan 21 en 24 jier binne yn febrewaris oppakt nei grut ûndersyk fan de plysje. Hjirby hat definsje, op fersyk fan it Iepenbier Ministearje, ek drones ynset boppe Harns. De spionaazjetastellen binne tusken 7 en 17 desimber brûkt by de syktocht nei de ynbrekkers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)