Fryske Foarlêswike úteinset

It is dizze wike Fryske Foarlêswike. Goed 500 foarlêzers binne op 'n paad yn 'e provinsje om foar te lêzen oan sa'n tolvetûzen pjutten. It Tomke-projekt stimulearret it lêzen en foarlêzen yn it Frysk oan lytse bern. De Tomke-boekjes mei ferhaaltsjes oer Tomke en Romke komme fia boartersplakken, bernedeiferbliuwen, gastâlden, konsultaasjeburo's en bibleteken by de bern en har âlden telâne. It tema is dit jier "Keunst". De Fryske Foarlêswike wurdt organisearre troch it Selskip foar Fryske Tael en Skriftekennisse en de Tomke-wurkgroep.