Oprop: kom net nei Grou!

06 jan 2012 - 11:29
  • De burd heech wetter

De gemeente Boarnsterhim ropt minsken op om foaral net nei de gebieten by Grou ta te kommen dy't ûnder wetter steane en dêr't minsken tongersdei weigien binne. It giet dan om it eilân De Burd en it rekreaasjegebiet yn 'e Lijte by Grou.

De situaasje yn it gebiet is noch altiten soarglik omdat de diken dweiltrochwiet binne en dêrtroch bot swak binne. Minsken meie it gebiet wol út mar meie der net yn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)