Kaaksjirurgy yn De Sionsberg

De Sionsberg © Omrop Fryslân
Yn sikehûs De Sionsberg yn Dokkum sil fan septimber ôf kaaksjirurgy oanbean wurde. Dit is it gefolch fan de bestjoerlike fúzje tusken sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten en Zorggroep Pasana wêrfan De Sionsberg ûnderdiel is.
Kaaksjirurgy is in spesjalisme wêrby't pasjinten foaral troch de toskedokters trochstjoerd wurde nei it sikehûs. Dan moat tocht wurde oan it fuortheljen fan ferstânskiezzen en kaakymplantaasjes. De Sionsberg sjocht de komst fan de kaaksjirurgy as in oanwinst fan it soarchoanbod yn Dokkum.