Keamer praat oer berne-opfang

De merkwurking yn de berne-opfang wurket folslein net. Dat sizze tsjinstanners fan dy merkwurking en ûndersyk liket de tsjinstanners gelyk te jaan. Moandei wurdt yn de Twadde Keamer in harksitting oer it ûnderwerp hâlden. Ien fan de fragen dêrby is oft yn hjoeddeiske omstannichheden berne-opfang foldwaande kwaliteit biede kin. Marianne van Hall fan SKL, Stichting Kinderopvang Leeuwarden, is bliid dat it yn de Twadde Keamer giet oer de kwaliteit en net sa as altyd oer de priis. Ek hopet se dat der in stabyl beslút komt.