Manon Kamminga baankeninginne

Manon Kamminga © awfoto.nl
Manon Kamminga is de baankeninginne fan it Nederlânsk kampioenskip skeelerjen wurden. Op freed en sneon hie se yn Almere alles al wûn, fjouwer kear goud. Op de lêste dei kamen dêr noch twa titels by. De ynwenster fan It Hearrenfean wûn earst de 500 meter om dêrnei mei Bianca Roosenboom en Sharon Hendriks de ôflossing. By de manlju wûn Michel Mulder de 500 meter, foar broer Ronald en Mark Horsten. De ôflossing wie opnij foar de bruorren Mulder mei Crispijn Ariëns.