Van der Veen pakt tredde winst

Keatsen © Aise van Beets, Omrop Fryslân
De haadklasse keatspartij yn Winsum is snein wûn troch Iris van der Veen, Sjoukje Visser en Manon Scheepstra. Yn de finale wie it trijetal mei 5-4 en 6-4 Joukje Kuperus, Feikje Bouwhuis en Harmke Siegersma de baas. De lytse preemje wie foar Nynke Sijbrandij, Maaike Osinga en Wiljo Sijbrandij, dy't mei 5-5 en 6-4 te sterk wiene foar Marije Hiemstra, Imke van der Leest en Bianca van der Veen.
It is de tredde frije formaasje oerwinning foar it partoer fan Van der Veen dit seizoen.