De Groot wint yn Dronryp

02 jun 2013 - 18:14

De Eise Eisingapartij yn Dronryp is snein in proai wurden foar it partoer fan Jan Dirk de Groot, Marten Feenstra en Pier Piersma. Yn de finale krige it trijetal de ferrassing fan de dei Site Ferwerda, Siebe Greidanus en Rudolf Soepboer mei 5-2 en 6-2 op 'e knibbels. De tredde priis gong nei Bauke Triemstra, Alle Jan Anema en Hendrik Kootstra.

Yn Dronryp waard Marten Feenstra útroppen ta kening.

Trefwurden: 
keatsen Eise Eisingapartij
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)