Sweering twadde op Ronostrân

02 jun 2013 - 18:04
  • argyffoto

Hurdfytser Harry Sweering is snein twadde wurden yn de Ronde rûn it Ronostrân. De Snitser ûntsnapte tegearre mei Marco Hoekstra út Haren, mar waard nei 175 km troch syn meiflechter kloppe op de einstreek. It Ronostrân telt mei foar de klupkompetysje. By de earste tsien sieten noch twa Friezen. Coen Rijpma fan Aldeholtpea waard njoggende, Niek Hooghiemster fan Oentsjerk tsiende.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)