Diken De Pein wer iepen

06 jan 2012 - 11:27

Twa diken by it Peinder Kanaal yn Smellingerlân dy't tongersdei fanwege heech wetter ôfsletten waarden foar it ferkear, binne wer iepen. It giet om de Leyensloane en de Iendrachtsingel.

Tongersdei kaam it wetter út it Peinder Kanaal de diken op. Yntusken is it wetterpeil sa bot sakke dat der gjin problemen mear binne, it ferkear kin der wer gewoan del.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)