'OZB doarpshuzen te heech'

FNP © Omrop Fryslân
Doarphuzen betelje tefolle ûnreplikesaakbelesting. Dat fynt de FNP yn de gemeente Hearrenfean. De partij hat it kolleezje fan boargemaster en wethâlders in brief stjoerd mei fragen oer de tariven.
Direkte oanlieding is de OZB fan it doarpshûs yn Nijehoarne. De organisaasje moat in bedrach fan 3000 euro op it kleed lizze en dat kin de stichting net opbringe. De FNP freget de gemeente oft doarphuzen net kompensearre wurde kinne of oars foar in leger taryf oanslein wurde kinne.