Doarpshûs Skraard is opknapt

02 jun 2013 - 15:59
  • Iepening fan it fernijde doarpshûs yn Skraard

De bewenners fan Skraard kinne wer gebrûk meitsje fan it doarpshûs. De âld skoalle is sûnt 1987 yn gebrûk as doarpshûs. De ôfrûne twa jier is it gebou foar trije ton opknapt. De 195 Skraarders soargen foar 17.000 euro. De rest kaam fan de gemeente, de provinsje en fûnsen. Wethâlder Wigle Sinnema iepene sneon de Utwyk. It korps Excelsior wie frege foar in muzikale bydrage.

It hiele doarp hat meiholpen oan de bou of oan de aksjes foar jild. Muzykkorps Excelsior oefenet ek yn it doarpshûs. Om't der no mear romte is, kin it korps groeie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)