Kamais wint Loop Leeuwarden

02 jun 2013 - 14:23

De 7e edysje fan de Loop Leeuwarden is snein wûn troch de Keniaan Peter Lotagor Kamais. De grutte favoryt op de heale maraton sette de klok stil op 1.04.58, wat him in preemje fan 750 euro opsmiet. As twadde kaam Iwan Kamminga fan Nije Pekela oer de einstreek yn 1.07.59. It tredde plak wie foar Fries om utens Erik Negerman út Hilversum, dy't in tiid fan 1.11.47 notearre.

By de froulju wie Mariska Kramer fierwei de rapste. Kramer wûn yn in knappe tiid fan 1.14.47 en wist dêrmei Immy Auck Kersbergen en Yvonne Kassenberg foar te bliuwen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)