Fytser omkaam yn Ljouwert

02 jun 2013 - 08:58

In 28-jierrige man út Ljouwert is sneontejûn om it libben kaam trochdat er skept waard troch in trein. De man stie by de spoarwei-oergong yn de Pieter Stuyvesantwei neffens tsjûgen mei de telefoan oan it ear. De masjinist warskôge de man noch wol, mar dêr reagearre er net op 'e tiid op. Ut ûndersyk hat bliken dien dat de spoarbomen normaal funksjonearren. Meardere minsken seagen it ûngelok gebeuren. Sy ha slachtofferhelp krigen. It treinferkear tusken Ljouwert en Grins hat troch it ûngelok in skoft stillein.

Trefwurden: 
fytser plysje oanriding trein
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)