Winst Tolsma yn Goaiïngea

01 jun 2013 - 22:56

Hendrik Tolsma, Renze Pieter Hiemstra en Hans Wassenaar ha sneon de haadklasse partij trochinoar lotsjen yn Goaiïngea wûn. Yn in iensidige finale waard it trio Menno van Zwieten, Jacob Zaagemans en Hylke Bruinsma mei 5-1 en 6-4 ferslein. De winners hiene lykwols in aparte keatsdei. Yn de heale finale moast in efterstân fan skjinne fiif earsten goedmakke wurde tsjin Gert-Anne van der Bos, Siebe Greidanus en Pier Piersma.

By de froulju gong de winst yn Goaiïngea nei Sanne Velsma, Imke van der Leest en Fenna Zeinstra. Joukje Kuperus, Esther Wagenaar en Manon Scheepstra wiene yn de striid om priis en preemje kânsleas: 5-2 en 6-4.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)