Hospes kening sachte bal PC

Bauke van der Graaf, Jasper Boomsma en Jan Hospes pakten nei in spannende finale de winst op de twadde edysje fan de sachte bal PC yn Frjentsjer. Ut in list fan 64 partoeren wiene se op 5-5 en 6-2 it trio Theun van der Molen, Edwin Keizer en Michel Nesse de baas. Achterynse Jan Hospes út Grins waard ta kening útroppen. Hy folge dêrmei Herman Sprik op, dy't no op de tredde list mei syn maten ferlear. It wie op it Sjûkelân in sfearfol barren mei in soad publyk.