Ridlik toeristeseizoen

© Omrop Fryslân
Fryslân hat in ridlik toeristysk jier achter de rêch, nettsjinsteande de wiete simmer en de resesje. Der kamen ferline jier hast likefolle toeristen as it jier derfoar. Der kamen mear bûtenlânske toeristen nei Fryslân, benammen út Dútslân.
Troch it minne waar yn it heechseizoen wiene der doe minder Nederlânske toeristen. Benammen de campings en de boateferhierbedriuwen hiene dêrfan te lijen. De Waadeilannen hiene ek skea fan de wiete simmer trochdat der minder deitoerisme wie.