Jeugdfuotbaldei yn Burgum

01 jun 2013 - 11:37

Yn Burgum dogge op de fjilden fan de fuotbalklups BCV en VV Burgum sneon hûndert jeugdfuotbalteams út Noard-Nederlân mei oan beker- en skoalfuotbalfinales. Yn totaal komme der 1200 fuotballerkes yn aksje. Neist wedstriden wurde der ek tal fan oare fuotbalaktiviteiten hâlden. By de organisaasje fan it evenemint binne in twahûndert frijwilligers belutsen.

It is foar it earst dat de Burgumer fuotbalklups yn opdracht fan de KNVB de jeugdfuotbaldei organisearje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)