Nazomeren komt net werom

01 jun 2013 - 11:23

Nei fiif jier komt der in ein oan it evenemint Nazomeren op 'e Lemmer. De organisearjende stifting Oud Lemmer kin de begrutting net foarinoar krije. Der binne te min sponsors. Oerlis mei de gemeente Lemsterlân hat ek neat opsmiten.

Mei Nazomeren wiene yn septimber altyd allerhanne aktiviteiten op 'e Lemmer, lykas sylwedstriden en optredens yn it sintrum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)