Twa kear goud Manon Kamminga

01 jun 2013 - 00:32

Manon Kamminga hat op de earste dei fan it NK skeelerjen op de baan twa kear goud wûn. De ynwenster fan It Hearrenfean wie yn Almere de bêste op de 300 meter tiidrit en de ôffalkoers. Ald-Haulster Elma de Vries pakte brûns op de 300 meter en sulver op de ôffalkoers. Geert Plender fan Kampen wûn de ôffalkoers by de manlju, foar Wolvegeaster Crispijn Ariëns en Ruurd Dijkstra fan Nijeholtwâlde. De 300 meter waard wûn troch Ronald Mulder út Zwolle. Syn broer Michel, wenjend op It Hearrenfean, waard twadde. Feanster Mark Horsten tredde.

Trefwurden: 
NK skeelerjen Manon Kamminga
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)