Kening iepenet gerjochtshôf

31 maaie 2013 - 15:14
  • Kening Willem-Alexander by it keunstwurk
  • Kening Willem-Alexander by de Grutte Tsjerke yn Ljouwert

Yn de Grutte Tsjerke yn Ljouwert hat Kening Willem-Alexander freed it offisjele startsein jûn foar it gerjochthôf Ljouwert-Arnhim. Hy ûnbleate dêrfoar in keunstwurk en spuite der mei spuitbus noch wat by.

De kening waard by de tsjerke ûntfongen troch kommissaris Jorritsma en boargemaster Crone fan Ljouwert. Op de startgearkomste wie ûnder oare omtinken foar de skiednis fan it hôf. Professor Zwalve fan de Universiteit fan Leiden hâlde in taspraak. Sûnt 1 jannewaris 2013 binne de gerjochthôven fan Ljouwert en Arnhim fusearre.

It nije gerjochthôf is no it grutste fan Nederlân mei in wurkgebiet fan sân provinsjes. By it grutte hôf wurkje fjouwerhûndert minsken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)