Doarpstoernee oer weryndieling

31 maaie 2013 - 12:39

Alle riedsleden fan de gemeente It Bilt gean fan 10 oant en mei 26 juny op besite by de sân Biltske doarpen om te praten oer weryndieling. De gemeenterieden fan It Bilt, Harns, Frjentsjerteradiel en Menameradiel meitsje harren op foar in fúzje mei yngong fan jannewaris 2016. Trettjin riedsleden fan it Bilt binne foar, allinnich de fraksje Frije Bilkerts is tsjin.

De ferienings fan pleatslike belangen hawwe it fersyk fan de besites oan de doarpen dien. Se hawwe it leaver as in referindum.

De miening fan de doarpsbewenners sille meinaam wurde yn de ûnderhannelings mei de oare gemeenten.

Trefwurden: 
weryndieling It Bilt
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)