Brêge Sibrandahûs stremd

31 maaie 2013 - 12:23

De brêge Klaarkamp, ek wol de Hege Brêge neamd, oer de Dokkumer Ie by Sibrandahûs is nije wike ticht foar autoferkear. Fan moandei 3 juny oant en mei freed 7 juny kinne allinnich fytsers en fuotgongers oer de brêge yn de Trekwei. Foar helptsjinsten bliuwt de brêge ek beskikber.

De brêge is stremd fanwege ûnderhâld. As it nedich is, kin de ôfsetting langer duorje as in wike.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)