Nij soarchsintrum op Skylge

Steatssekretaris Martin van Rijn fan Folkssûnens iepenet freed it fernijde soarchsintrum op Skylge. De Stilen is in multyfunksjoneel sintrum. It bestiet ûnder oare út 48 apparteminten, in apoteek, in húsdokterpraktyk en romte foar in fysioterapeut.
It fernijde soarchsintrum soarget derfoar dat de âlderein sa lang mooglik op it eilân bliuwe kin. Neffens lokaasjemanager Franca Roeleven is dat tige wichtich foar de eilanner befolking.