Bettere âlderensoarch Drachten

31 maaie 2013 - 08:43

Thússoarch De Friese Wouden, apotheek Ongena en húsdokter Postma yn Drachten sille nau gearwurkje. Doel is de âldereinsoarch en de soarch foar groanysk sike minsken te ferbetterjen. De koartere linen tusken húsdokter, apteek en wykferpleging soargje derfoar dat de relaasje mei de pasjinten sterker wurdt. Dat is belangryk, no't de oerheid wol dat âlderen langer thúswenjen bliuwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)