Bedriging mei mes Easterwâlde
In 23-jierrige Easterwâldster is tongersdei oanhâlden foar bedriging. Hy soe yn in wente oan de Tsjongerhôf in famke fan 18 jier mei in mes bedrige hawwe.
Doe't de plysje dêr oankaam, wie de man dêr net mear. Bliken die dat er nei it stasjon fytste. De plysje hat him doe oanhâlden. De man hat noch 30 dagen selstraf iepen te stean.