Auto ûnder trein by Hurdegaryp

30 maaie 2013 - 19:20

Yn Hurdegaryp hat tongersdei oan it begjin fan de jûn in oanriding west tusken in trein fan Arriva en in auto. It ûngelok fûn plak op de spoaroergong en de auto is meisleept oant it stasjon ta. De 29-jierrige bestjoerder rekke licht ferwûne. Hy is troch de ambulânse út foarsoarch nei it sikehus brocht. Dêr is ek in bloedproef ôfnommen.

Treinreizgers tusken Ljouwert en Bûtenpost binne oant tsien oere mei bussen ferfierd.

Trefwurden: 
ûngelok trein Hurdegaryp
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)