NHL komt mei snierobot

NHL yn Ljouwert © Omrop Fryslân
NHL-studinten en -dosinten yn Ljouwert ha in saneamde snierobot ûntwikkele om de oangroei fan iis foar in Alvestêdetocht te stimulearjen neidat der snie fallen is. Hjirmei soe de kâns op in Alvestêdetocht grutter wurde. De robot kin op hiel tin iis de snie fuortfeie. It earste demomodel sil yn juny presintearre wurde oan de Alvestêdeferiening.
Foar de snierobot meitsje de NHL-studinten gebrûk fan de technology dy't brûkt wurdt by it opromjen fan oalje yn kwetsbere natoergebieten.