Dochs noch eksamen Frânsk

30 maaie 2013 - 17:36

In dei letter as earst de bedoeling wie binne tongersdei dochs noch de VWO-eksamens Frânsk ôfnaam. Om't de opjeften earder fan 'e wike útlekten op ynternet, waard it eksamen útsteld. Foar guon learlingen smiet dat problemen op omdat se fakânsje boekt hiene.

Op it Liudger Kolleezje yn Drachten hie de skoalle der by wize fan kompensaasje wat aardichs fan makke. Der wie stokbôle en sabeare wyn foar nei it eksamen. Op it Bogerman hie in learlinge de fakânsjekoffer mei nei skoalle naam.

De eksamens binne útlekt yn Rotterdam, sa waard tongersdeitemiddei tsjin healwei seizen bekend makke. Der is in 22-jierrige man út Rotterdam foar oanhâlden. De man wurket net op de skoalle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)