Lintsje foar Lute Pen

30 maaie 2013 - 17:01

Wethâlder Lute Pen fan Menameradiel is tongersdei yn Dronryp keninklik ûnderskieden. Hy is beneamd ta lid yn de Oarder fan Oranje Nassau. Yn Dronryp is it fan 'e wike doarpsfeest. Pen wie oanwêzich yn de feesttinte doe't er it lintje krige.

Pen hat jierrenlang tal fan bestjoerlike funksjes hân yn it doarp, benammen by keatsferiening Sjirk de Wal. Fan 1987 oant 1997 wie er foarsitter fan de keatsferiening. Hy is ek lid fan de technyske kommisje fan it frouljuskeatsen by it KNKB, en sekretaris en ponghâlder fan it fûns Boalsert-Dronryp.

Pen is ek noch ferbûn oan de feriening fan pensjonearden by syn eardere wurkjouwer Aegon. Lute Pen hat sûnt 1995, yn de perioaden dat er gjin wethalder wie, aktyf west yn de gemeenteried fan Menameradiel. Hy krige de keninklike ûnderskieding opspjelde troch de boargemaster.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)