Nije hjerring komt letter

30 maaie 2013 - 16:16

Fiskwinkel IDA op 'e Jouwer fertsjinnet 10.000 euro minder, no't de nije hjerring letter is. De fisk soe op 5 juny komme, mar dat is twa wike útsteld. De hjerring is noch net fet genôch. Dy skea wurdt neffens Sietze van der Meer fan de winkel net mear ynhelle.

De hjerring yn 'e Noardsee hat noch mar 8 gram fet, wylst dat 16 wêze moat. Restauranthâlder Reitse Spanninga seit dat de hjerring no riuwerich priuwt, oftewol wrang. Spanninga soe op 5 juny syn jierlikse hjerringfeest hâlde. Dat giet wol troch, mar sûnder nije hjerring.

It earste fetsje nije hjerring is ferpleatst nei 19 juny.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)