Caparis wurket by Post NL

30 maaie 2013 - 15:46

It nije distibúsjesintrum fan Post NL yn Ljouwert moat in belangrike wurkjouwer wurde foar minsken dy't minder kâns hawwe op de arbeidsmerk. Op dit stuit wurkje der al sa'n hûndert minsken mei in sosjale achterstân. It Ljouwerter distribúsjesintrum is ien fan de modernste fan Nederlân. It hat in foarbyldfunksje.

In moanne nei de offisjele iepening wurde by Post NL Ljouwert alle dagen oer de 30.000 pakjes ferwurke. Dêr binne 250 minsken foar yn it spier. Caparis ferwachtet dat de hûndert fan harren wol mear wurde sille.

Wylst de merk foar gewoane post krimpt en der in hiel soad postrinners útfleane, groeit de pakjebesoarging bot. Mei in ynvestearring fan goed 10 miljoen euro is it distribúsjesintrum yn Ljouwert ien fan de modernste fan Nederlân. Wat ynnovaasje en duorsumens oanbelanget hat de festiging yn Ljouwert in lanlike foarbyldfunksje.

Dochs hat it nije distribúsjesintrum ek neidielen. Sa binne der klachten út de omjouwing kaam. Benammen yn Boksum hawwe se jûns lêst fan de felle lampen foar de bewakingskamera's.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)