Gjin promoasje Nedersaksysk

30 maaie 2013 - 15:06
  • Sander de Rouwe wie ne ûnder de yndruk fan de krityk út de steaten

Minister Plasterk fan Ynlânske Saken fielt neat foar it jaan fan in hegere status oan it Nedersaksysk. Plasterk sei dat woansdei yn de Twadde Keamer by it debat oer de 'Wet gebruik Friese taal'. CDA en PvdA grypten it debat oan om te pleitsjen foar fierdere beskerming fan it Nedersaksysk.

Neffens CDA en PvdA is soks goed mooglik sûnder ekstra kosten, omdat de provinsjes dy wol foar har eigen rekken nimme wolle. Plasterk wiisde it fersyk ôf, omdat it ryk net ferantwurdlik wêze wol foar in hegere status fan it Nedersaksysk.

'Soks jout altyd ekstra ferplichting. Aanst moatte wy noch natuerkundeboeken yn it Drintsk, Grinslânsk en Stellingwerfsk meitsje', sei de minister tsjin de Twadde Keamer. Twadde-Keamerlid Sander de Rouwe (CDA) makke him lulk oer de opmerking fan de minister. Neffens him makke Plasterk 'in karikatuer' foar syn rjochtfeardich pleit om it Nedersaksysk better te beskermjen. CDA en PvdA sette dêrom harren moasje ta ferheging fan de beskerming fan it Nedersaksysk troch. De Twadde Keamer sil dêr nije wike tiisdei oer stimme. Nei it negative advys fan minister Plasterk liket de kâns dat de moasje in mearderheid kriget lyts.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)