1 op 20 âlderen mishannele

Helpferlieningsynstânsje Fier Fryslân begjint mei in kampanje tsjin mishanneling fan âldere minsken. Neffens Fier Fryslân wurdt op syn minst ien op de tweintich âlderen lichaamlik of psychysk mishannele, ferwaarleazge, seksueel misbrûkt of finansjeel útklaaid.
In soad gefallen binne net bekend, omdat minsken harren derfoar skamje en der net oer doare te praten. Fier Fryslân wol mei de kampanje it taboe op âldereinmishanneling trochbrekke.