Ynbraken Ljouwert oplost

Ynbraak © ANP XTRA
Mei de oanhâlding fan twa Ljouwerters hat de plysje nei ûndersyk fan moannen seis ynbraken oplost. De man en de frou waarden ferline jier july oppakt, omdat se in man mishannele hiene. By harren arrestaasje fûn de plysje in wapen, drugs en in laptop.
Ut ûndersyk dêrnei die bliken dat dy laptop kocht wie mei de pinpas fan in ferstoarne frou. Mei de pas wie in soad jild opnaam, ek troch oare minsken dy't de plysje by it ûndersyk yn byld krige.
By ien fan dy oare fertochten thús fûn de plysje allegearre guod dat stellen wie út bedriuwen en wenhuzen. It giet om laptops, flatscreentelevyzjes en fideokamera's. De fertochten komme ynkoarten foar de rjochter.