Untslachfergunnings foar Prins

30 maaie 2013 - 12:40
  • Prins Dokkum

De direksje fan fangrailfabryk Prins Dokkum mei in grut part fan de 34 wurknimmers ûntslaan. It UWV hat dêr fergunnings foar ôfjûn. De fakbûnen prate freed mei de leden oer hoe't sy fierder gean. Nei alle gedachten wurdt ynset op it ûnridlike fan it ûntslach. Dêrby wurdt der dan op wiisd dat de wurknimmers hiel lang yn tsjinst binne, dat der gjin plan leit foar it ferpleatsen fan de produksje en dat it ûndúdlik is wêr't dy dan hinnegiet.

De direksje fan Prins wol it fabryk oer in moanne slute en de produksje nei it bûtenlân ferpleatse.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)