Trochstart bakker Appie ûnwis

30 maaie 2013 - 12:25
  • De bakkerij fan Appie de Jong yn it sintrum fan Drachten

It is noch ûnwis oft der in trochstart komt fan de Drachtster bakkerij Appie de Jong. It bedriuw, dêr't in sechstich minsken wurkje, ferdield oer njoggen winkels, waard fan 'e wike fallyt ferklearre fanwege oprinnende skulden troch de oername fan de Grinzer bakkerij Staghouwer.

Eigener Peter de Jong skriuwt de problemen ûnder oare ta oan in ferbod fan de gemeente Smellingerlân om te bakken tusken seis en alve oere jûns. Boppedat krige er gjin meiwurking fan it UWV om it oerskot oan wurknimmers te ferminderjen.

De bakkerij en de winkels binne foarearst noch gewoan iepen. Oft in trochstart mooglik is en ûnder hokker betingsten wurdt ûndersocht troch de kurator.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)