'Frysk prate hie wol kinnen'

30 maaie 2013 - 11:53

De fertochte dy't woansdei foar de rjochtbank yn Ljouwert Frysk prate woe, hie dat gewoan dwaan kinnen. Dat is de reaksje fan de Rjochtbank Noard-Nederlân op útspraken fan advokaat Tjalling van der Goot. Dy sei dat syn kliïnt foar it Nederlânsk keas, omdat de griffier it Frysk net ferstie. De rjochter bea noch oan de saak út te stellen, mar dat woe de fertochte net.

Neffens de Rjochtbank Noard-Nederlân hie de griffier ferfongen wurde kinnen sûnder dat dat ta útstel liede soe. De rjochter hie de wurden fan de fertochte ek oersette kinnen.

It brûken fan it Frysk yn de rjochtbank is in wetlik rjocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)