Tenei faker regionaal bouwe

30 maaie 2013 - 11:35

De gemeente Skarsterlân sil tenei by oanbestegings mear rekken hâlde mei bedriuwen út de regio. Dat is besletten nei in rapport fan de rekkenkeamerkommisje oer de oanbesteging fan de Brede Skoalle op De Jouwer. Oer dy proseduere ûntstie in soad opskuor, omdat in bedriuw fan bûten de provinsje de skoalle bouwe en beheare mei, wylst bedriuwen yn de regio ferlegen sitte om wurk.

De gemeenteried hat alle oanbefellings fan de rekkenkeamer oernaam.

De gemeenteried sil ek it advys fan de rekkenkeamer opfolgje, om tenei minder saakkundigen fan bûten yn te hieren. It kolleezje woe dêr net oan. mar de ried fan Skarsterlân is it mei de rekkenkeamer iens dat de gemeente soargje moat dat dy sels genôch saakkundigens hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)