SP: soargen oer takomst Omrop

De Twadde-Keamerfraksje fan de SP had noed oer de takomst fan Omrop Fryslân, no't dy net goed regele is by it debat oer de Taalwet yn de Twadde Keamer. By dat debat waard lang en fûl diskusjearre oer Omrop Fryslân. SP en ChristenUnie kamen mei in moasje dat der net fierder besunige wurde mei op Omrop Fryslân. De moasje waard lykwols net stipe troch de oare partijen.
Twadde-Keamerlid Ronald van Raak wie benammen teloarsteld yn de opstelling fan Lutz Jacobi fan de Partij van de Arbeid.
'Als je zo erg wilt opkomen voor het Fries, moet je er ook voor zorgen dat er niet verder bezuinigd wordt op Omrop Fryslân.' PvdA en CDA presintearren beiden ek in eigen moasje oer Omrop Fryslân. Omdat foar net ien fan de moasjes in mearderheid wie, waarden alle trije moasjes oanhâlden. VVD-Keamerlid Aukje de Vries ferwiisde nei in eardere moasje oer Omrop Fryslân, dy't ek troch har partij stipe waard.
Hoe't it krekt komt mei de besunigings op de publike omrop en mei de takomst fan Omrop Fryslân, wurdt oer trije wike dúdlik by it debat oer de Mediawet. Van Raak makket him dêr soargen oer, omdat dat debat dan oer alle omroppen giet. De Taalwet wie neffens him de kâns om de posysje fan Omrop Fryslân al yn't foar goed te regeljen.