Stellen trekkers weromfûn

30 maaie 2013 - 11:17

Twa trekkers dy't trije jier ferlyn stellen waarden op in meganisaasjebedriuw yn Bakkefean, binne weromfûn. De trekkers wiene doedestiids sa goed as nij en wiene 80.000 euro wurdich. De eigener fan it bedriuw skeakele in rezjerzjebedriuw yn om se op te spoaren, mar hy hie de hope al opjûn dat er se weromkrije soe. Ferline wike krige de eigener in telefoantsje mei it nijs dat ien fan de trekkers yn Poalen fûn wie. De oare trekker wie yn septimber al weromfûn. De eigener kin der ynkoarten wer mei oan it wurk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)