Opkomst referindum te leech

29 maaie 2013 - 23:40

De opkomst fan it referindum oer de weryndieling yn Ferwerderadiel is woansdeitejûn útkaam op 34 prosint. Dermei is it referindum ûnjildich. De gemeenteried woe dat yn elts gefal 50 prosint fan de stimmers him útspruts.

No't dat net slagge is, is it oan de ried sels om te besluten oer wol of net weryndiele. Dat wurdt dien op 20 juny. In lytse mearderheid fan de stimmers wie foar selsstannichheid.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)