Damwâldsters bewake haven

Fjouwer minsken út Damwâld ha tongersdeitejûn in oere lang de haven fan Lauwerseach blokkeard, om sa foar te kommen dat der gefaarlike situaasjes ûntstean soene. It wie der doe drok mei minsken dy't kamen te sjen nei it hege wetter en it geweld fan de wyn.
De achterkant fan de haven wie foar de helte ûnderrûn. Ien fan de restaurants stie blank en in boat stie op it punt om te kanteljen. It ferskil tusken kade en wetter wie net mear te sjen. De Damwâldsters bellen de meldkeamer fan de plysje om om fersterking te freegjen, omdat alle ramptoeristen te ticht by it wetter kamen.
It duorre in oer foardat de plysje de kontrole oernimme koe fan de minsken út Damwâld.