De Jong's Bakkerijen fallyt

29 maaie 2013 - 17:07
  • Drachten

Appie de Jong's Bakkerijen yn Drachten binne fallyt. It famyljebedriuw is al tsientallen jierren in begryp yn Drachten. Foar de 59 meiwurkers wurdt ûntslach oanfrege, mar de hjoggen winkels bliuwe foarearst gewoan iepen.

Neffens advokaat Gerard Berghuis, in kollega fan kurator De Wilde, wurde de mooglikheden foar in trochstart ûndersocht. It bedriuw hat him neffens Berghuis fersjoen op in fúzje mei Bakkerij Staghouwer.

De problemen waarden grutter om't it bedriuw it dreech hie mei it ôffloeien fan meiwurkers, logistike problemen hie en troch in produksjestop, dy't troch de gemeente Smellingerlân oplein waard.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)