Lytse skoallen krije it dreech

Lytse skoallen yn Fryslân krije it de kommende tiid dreech. Dat ferwachtet Geert Heerschop fan CBO Fryslân, de koepelorganisaasje foar kristlik basisûnderwiis. Steatssiktaris Dekker makke bekend dat lytse skoallen fan 100 learlingen gewoan iepenbliuwe meie, mar dat hy wol in ein meitsje wol oan de ekstra finansjele taslach dy't lytse skoallen krije. Dekker wol dat skoallen dy't mei-inoar gearwurkje in ekstra subsydzje krije.